Nederlaach foar Sportklup Cambuur tsjin Almere City

09 nov 2018 - 21:50

Sportklup Cambuur is freedtejûn yn de polder yn Flevolân tsjin in kompetysjenederlaach oanrûn. It duel yn it Yanmar Stadion tsjin Almere City einige úteinlik yn in 2-1 ferlies foar de Ljouwerter fuotbalploech.

Cambuur like al nei in kertier op efterstân te kommen. Almere hie de bal al hast yn it doel, doe't Soleri it lear yn bûtenspulposysje noch oanrekke. De skiedsrjochter karde de goal dêrtroch ôf. Yn de 29ste minút kaam Almere dochs op 1-0. Efmorfidis skoarde nei in foarset fan Hunte.

Likense hichte

Krekt foar it skoft kamen de Ljouwerters op likense hichte. Doelman Plattel fan Almere liet de bal los, wêrnei't Robertha ienfâldich binnen skeat: 1-1. In skot fan doelpuntemakker Efmorfidis einige krekt foar it rêstsinjaal yn hannen fan doelman Mous.

Foto: Orange Pictures

Yn de twadde helte begûn Cambuur driigjend. Nei tsien minuten wie der in goed skot fan Van Kippersluis, mar keeper Plattel koe in foarsprong foar Cambuur foarkomme. Yn de 58ste minút lei de bal oan de oare kant yn it net nei in grutte flater fan doelman Mous. In skot fan Hunte gie krekt ûnder de fuotten fan de keeper troch: 2-1.

Slotfaze foar Cambuur

Almere City bleau dêrnei druk setten op Cambuur. Yn de 61ste minút wie it hast 3-1, mar Mous koe dizze kear wol rêding bringe. Yn de slotfaze begûnen de Ljouwerters in lêste offinsyf. Doe't Almere-spiler Loen yn de 88ste minút noch read krige, wiene der noch kânsen foar Cambuur. De bal gie der lykwols net mear yn.

Folgjende wike: FC Volendam

Takom wike sneon spilet Cambuur de folgjende kompetysjewedstriid. De Ljouwerters fuotbalje dan thús tsjin FC Volendam.

Foto: Orange Pictures

Almere City - SC Cambuur 2-1 (1-1) 29. Efmorfidis 1-0, 39. Robertha 1-1, 58. Hunte 2-1.

Opstelling Cambuur: Mous, El Baad (78. Rossi), Mbende, Schilder, Van Wermeskerken, Conraad (66. Kallon), Ciganiks, Schils, Maulun, Robertha, Van Kippersluis.

(advertinsje)