Beljende bestjoerder mei drank op feroarsaket ûngelok
Op Het Blauwgras yn Drachten is freedtejûn om 20.15 oere hinne in ûngelok bard. De bestjoerder fan in auto wie oan it beljen, doe't syn tillefoan op'e grûn foel. Doe't hy syn tillefoan wer oppakke woe, klapte hy op in oare auto dy't parkeard stie. De parkearde auto skeat troch de klap sa'n 15 meter foarút.
De plysje naam de man mei nei it buro, wêr't hy in blaastest dwaan moast. Dêrút die bliken dat de man dronken hie. Omdat de man lêst hie fan nekklachten, wie der in ambulânse oproppen.