Kuorballers LDODK begjinne mei beladen derby tsjin DOS'46

Dit wykein set it nije sealkuorbalseizoen útein, en de kuorballers fan LDODK begjinne fuortdaliks mei in tige nijsgjirrich duel. De earste tsjinstanner op'e Gordyk is DOS'46 út Nijeveen.
Erwin Zwart mei LDODK-trainer Henk Jan Mulder © OrangePictures
De kuorbal league begjint sa mei de beladen Noardelike derby. Om't LDODK dit jier wer echt meidwaan wol om de prizen, moat "it kampioenskip fan Noard-Nederlân" beslist wurde yn Frysk foardiel. Wy sjogge foarút op dit duel en dit seizoen mei in tal popeljende froulju en manlju fan LDODK.
Femke en Diana wolle stap foarút yn Kuorbal League
By de manlju binne de gebroeders Erwin en André Zwart, tegearre mei âld-ynternasional Friso Boode, al jieren de bepalende spilers yn it earste.
Mar der komme ek talintfolle nije jonges oan: jeudgynternasjonals Tim Flokstra en Julian Frieswyk ûntwikkelje har goed. En Jurjen Bosma (28) lit sjen dat je ek as letbloeier noch seker de striid mei nasjonale top oangean kinne. It affysje fan de Noardelike derby wurket op harren as in reade lape op in bolle.
Kuorballers LDODK begjinne mei beladen derby tsjin DOS'46
Yn de kuorbal league spylje de bêste 10 ploegen fan Nederlân. TOP út Sassenheim is regearend Nederlânsk kampioen.
Oan de ein fan de kompetysje spylje de boppeste fjouwer teams play-offs om de lânstitel. Fia in "beste-fan-trije" wurde de twa finalisten bekend.
De finale is yn de Ziggo Dôme yn Amsterdam.
Dit binne de 10 KL-teams:
1 Blauw Wit (Amsterdam)
2 DeetosSnel (Dordrecht)
3 DOS'46 (Nijeveen)
4 DVO (Bennekom)
5 Fortuna (Delft)
6 KCC (Capelle)
7 KZ (Koog aan de Zaan)
8 LDODK (Terwispel/Gorredijk)
9 PKC (Papendrecht)
10 TOP (Sassenheim)
Nûmer 10 degradearret streekrjocht, nûmer 9 spilet noch play-down duels tsjin de ferliezend haadklasse-finalist.