Raket by Drachtster Tjaardaflats 'lansearre'

09 nov 2018 - 19:28

De kleurrike raket by de Drachtster Tjaardaflats, is freed offisjeel 'lansearre' troch wethâlder Marjan Sijperda. It byld stiet symboal foar de foarútgong yn de jierren '60 wêryn ek dizze flats ûntwikkele binne. De raket ferwiist nei de romtefeartaktiviteiten yn dy tiid en de felle kleuren nei DaDa en De Stijl.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De raket is makke troch keunstner Frank Koolen, dy't dêrby holpen is troch syn dochter fan sân en hat as namme 'Monument voor toekomstig geluk'. De measte bewenners fan Drachten wiene der wol bliid mei, sa die bliken by de ûntbleating

Ferslachjouwer René Koster wie by de ûntbleating fan de raket

Oan it keunstwurk is ek ferlotting ferbûn: alle moannen ferskynt in oare kleur op de kop fan it byld mei in nûmer. Kleur en nûmer bin te linken oan in hússnûmer fan in Tjaardaflat. De bewenners fan it oanbelangjende adres krije in priiske fan de lokale middenstân. Doel is om dizze 'lotterij' tsien jier lang fol te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)