Provinsje set kaders út foar kultuerbelied fan de takomst

De Provinsje Fryslân wol yn har kultuerbelied yn de takomst ynsette op fjouwer ûnderdielen: keunst, erfgoed, taal en programmalinen. Dit stiet yn de nije notysje 'Kultuer oan 'e Kime'. Hjiryn steane de doelen, betingsten en toetsingskritearia foar it nije kultuerbelied fan 2021 ôf. Yn de hjoeddeistige sitewaasje binne der gjin dúdlike kritearia om te bepalen hokker ynstelling meardere jierren in subsydzje krijt.
© Provinsje Fryslân
Op basis fan alle ûntwikkelings, de resultaten fan LF2018 en de ynbring út it fjild wei makket de provinsje in ûntwerp foar de nije útfieringsstruktuer. Dit bestiet út fjouwer ûnderdielen: keunst, erfgoed, taal en programmalinen.
Yn it ûnderdiel keunst kiest de provinsje foar popkultuer en (lokaasje)teäter, om't dizze tige sterk binne yn Fryslân. Yn it ûnderdiel erfgoed wol de provinsje musea, argiven en erfgoed ûnder yn belied gearfetsje.

Taal en meartaligens

Taal wurdt troch de provinsje bestimpele as in ambysjeûnderdiel. It is de bedoeling om taal en meartaligens as ynspiraasjeboarne foar keunst en kultuer fierder te stimulearjen. Lân fan taal wurdt as foarbyld dêrfan oanhelle.