De bruorren Arjan en Wim Stroetinga bliuwe mar winnen

De ien wint de iene nei de oare maraton op it iis, de oare is ien fan de bêste baanhurdfytsers fan Nederlân: de bruorren Arjan en Wim Stroetinga. Arjan behelle dit seizoen yn trije maratons trije poadiumplakken en sneon rydt hy yn Thialf op "syn eigen iis". Wim wûn ferline wike de 'Zesdaagse' fan Londen. Tiid om better mei dizze suksesfolle bruorren yn de kunde te kommen.
Koarte repo De bruorren Arjan en Wim Stroetinga
Wim Stroetinga
© www.orange-pictures.nl
Arjan Stroetinga
Sjoch hjir nei it folsleine ynterview mei Arjan en Wim Stroetinga.
© Orange Pictures
Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, yn dit gefal de maraton yn Thialf, is live te folgjen fia us webside. Om 19.15 oere begjinne de froulju, om 20.30 oere de manlju.