Daniel Høegh mist derby fan it Noarden

Sportklup Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink feroaret neat oan syn opstelling foar de wedstriid tsjin FC Grins. Dat betsjut dat ferdigener Daniel Høegh noch altyd lêst hat fan syn heupe. Syn plak wurdt sintraal wer yn naam troch Kik Pierie. Dêrtroch krijt linksback Lucas Woudenberg wer in basisplak.
© www.orange-pictures.nl
Olde Riekerink wit fan it belang fan de wedstriid tsjin FC Grins. "Ik merk dat het een wedstrijd is die leeft bij de supporters. Dat ze in de jaren '70 tegen elkaar speelden in de eerste divisie en sinds de jaren negentig in de eredivisie. En dat de provincies aan elkaar grenzen, haha."
Jan Olde Riekerink oer Grins-Hearrenfean
Nemanja Mihajlovic hat oant no ta noch gjin geweldich seizoen. Sterker noch, sûnt hy ferline jier oerkaam út Servië is de jeugdynternasjonal noch altyd net trochbrutsen. Dit seizoen spile hy bygelyks trije kear yn de basis, mocht hy ien kear ynfalle en joech er tsjin Excelsior (3-3) twa assists. "Ik bliuw posityf. Ik haw hjir in moai libben, moaier as guon oaren yn myn thúslân Servië."
Nemanja Mihajlovic
Fermoedlike opstelling: Hahn, Floranus, Bulthuis, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Thorsby, Vlap, Kobayashi, Lammers en Zeneli.
De wedstriid FC Grins tsjin Sportklup Hearrenfean wurdt snein live útstjoerd op Omrop Fryslân Radio. De wedstriid begjint om 12.15 oere en kommintator Roelof de Vries docht ferslach.