Snein te Sint-Martenrinnen, dat kin dochs net?

09 nov 2018 - 17:40

Je hearre de klanken alwer troch de strjitten, it binne de Sint-Martenrinners mei harren lampion. Mar wachtsje ris efkes, it is snein! Dat kin dochs net? Of is dat tsjintwurdich net mear sa slim? De onlineredaksje fan Omrop Fryslân hifke by de harkers en sjoggers hoe't sy der tsjinoansjogge. De resultaten binne dúdlik.

Foto: Omrop Fryslân

As we de sifers leauwe meie, dan hawwe in soad minsken der net sa folle muoite mei: 80% fynt it nammentlik wol bôle. Dan bliuwt 20% oer, dy't it leaver op in oare dei hat.

Alternativen

Yn stee fan 11 novimber wurdt ek op oare data rûn. By Janke rinne se op 10 novimber al Sint-Marten:

Foto: Omrop Fryslân

Derneist sjochst ek dat yn gong doarpen der in regel is dat wannear't 11 novimber op in snein falt it dan de sneons barren sil.

Foto: Omrop Fryslân

Mar it is tradysje

It is tradysje, sizze guon. Dêrom moat it gewoan op 11 novimber bliuwe, fine se. Want sa hat altyd west en sa moat it ek bliuwe. Ek op in snein.

Foto: Omrop Fryslân

As de winkels iepen binne, dan moat de doar snein ek wol iepen kinne:

Foto: Omrop Fryslân

Wêr meitsje we ús drok om?

Foar guon minsken kin it ek prima tegearre mei it tsjerke. Kinst it prima kombinearje, sizze se.

Foto: Omrop Fryslân

Aagtje makket it neat út: se hat foar beide dagen wol genôch snobbersguod:

Foto: Omrop Fryslân

It ferskilt foar doarp en stêd, mar eins kinst oeral wol dit wykein te Sint-Martenrinnen, útsein yn Boalsert. Dêr giet de jierlikse Sint-Martenoptocht net troch, omdat it op in snein falt.

Trefwurden: 
Sint-Marten 11 novimber
(advertinsje)