GrienLinks kiest foar 31-jierrige listlûker

De 31-jierrige Matthijs Sikkes-Van den Berg út Sint-Nyk wurdt de nije listlûker fan GrienLinks by de Provinsjale Steateferkiezingen op 20 maart takom jier. De partij sjocht him as in jong talint mei in goed netwurk en in goed gefoel foar humor.
© GrienLinks Fryslân
Op it twadde plak op de konsept-kandidatelist stiet Charda Kuipers. Sy wennet sûnt ôfrûne simmer yn Fryslân, en komt fan Weesp. Hjir hat sy wiidweidige ûnderfining opdien yn de polityk.
It tredde plak wurdt ynnaam troch Elsa van der Hoek fan Ljouwert. Sy wurket as lokaasjemanager by in asylsikerssintrum en hat ûnderfining yn de lokale en provinsjale polityk. De kandidatelist moat noch wol troch de leden goedkard wurde.