Ljouwerter Ritsko van Vliet hellet tûzenen euro's op foar Sulawesi

09 nov 2018 - 17:23

Ritsko van Vliet út Ljouwert is krekt werom fan Sulawesi. Mei syn stichting Amurang set er him al jierren yn foar it Yndonezyske eilân. Hy sammele tûzenen euro's yn doe't it eilân ein septimber troffen waard troch in deadlike tsunami.

Ritsko van Vliet - Foto: Omrop Fryslân

Ritsko van Vliet oan it wurd

"Het geld hebben we nog niet gestort. Het belangrijkste was dat we keken hoe het geld kan worden besteed. Wij willen kunnen zeggen wat we daadwerkelijk met het geld doen", seit Van Vliet.

In grut oantal bern yn de leeftiid fan 4 oant 8 jier is bot traumatisearre troch de tastân. Foar dy bern wolle se in projekt opsette. "De kans bestaat dat ons geld daarheen gaat." Van Vliet sil pas oer in jier wer nei Sulawesi ta, mar bliuwt belutsen by de plannen dêr.

(advertinsje)