Oerfallers Poiesz yn Ljouwert brûkten mes en fjoerwapen

De oerfallers, dy't tongersdeitejûn yn Ljouwert útnaaiden nei in wapene oerfal op de Poiesz oan de Oostersingel yn Ljouwert, brûkten in mes en in fjoerwapen. Dat seit de plysje. Trije manlju waarden letter op de jûn oanholden.
Plysjewurdfierder
Noch oant healwei de nacht hat de plysje dwaande west mei it spoareûndersyk. It gie de oerfallers om de kassa's. In soad jild kaam op strjitte telâne, doe't ien fan oerfallers stroffele. Plysjes hawwe ien fertochte al fluch oanhâlde kinnen tusken de Nieuweweg en de Nieuweburen. De oare twa fertochten binne troch in arrestaasjeteam út in appartemintekompleks helle.

Personiel yn de efterfolging

By de syktocht nei de oerfallers hat personiel fan de supermerk de oerfallers efterfolge. In meiwurker fan Poiesz wie sa bot oandien nei de oerfal, dat de plysje noch net dúdlik hat hoefolle jild oft krekt stellen is. Ut neier ûndersyk moat noch bliken dwaan wa't hokker rol spile hat by de oerfal.