Heffing foar frachtweinen ek op regionale diken

09 nov 2018 - 16:04

De kilometerheffing foar frachtweinen wurdt ek jildich op lokale en regionale diken yn Fryslân. Dat moat foarkomme dat frachtferkear slûprûten nimt en de leefberens yn gemeenten efterút giet. Freed stimde de ministerried yn mei de heffing foar frachtweinen.

Foto: Shutterstock.com

Op hokker lokale en regionale diken tenei betelle wurde moat, is noch net bekend. Minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer sil yn petear mei provinsjes, gemeenten en wetterskippen. De heffing soe yn 2023 ynfierd wurde moatte.

Swiere frachtweinen

Allinnich frachtweinen swierder as 3.500 kilo moatte yn 'e takomst betelje. Der binne in soad útsûnderingen, lykas trekkers, kranen en brânwachtauto's.

Ek de hichte fan de kilometerheffing foar frachtweinen moat noch fêststeld wurde.

(advertinsje)