Provinsje: Fryslân moat in better plak wurde foar kuierders

09 nov 2018 - 15:49

Fryslân moat oantrekliker wurde foar kuierders. Sy moatte oeral komme kinne en der moatte dêrneist goede foarsjenningen foar harren wêze. Dat fynt de provinsje. Om it te realisearjen, hat de provinsje freed yn oparbeidzjen mei Fryske gemeenten it 'Charter for Walking' ûndertekene.

Foto: Omrop Fryslân, Berber Hania

De ûndertekening fûn plak yn it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten. Mei it 'Charter for Walking' wolle de belutsen partijen har ynsette foar de belangen fan fuotgongers en kuierders.

Sûnens en miljeu

"Het is goed voor de gezondheid en goed voor het milieu", seit deputearre Michiel Schrier.

It manifest moat der ek foar soargje dat safolle mooglik minsken kuierjend oeral komme kinne. Iepenbiere gebouwen en it iepenbier ferfier moatte dêrneist mei-inoar ferbûn wêze.

(advertinsje)