KNRM Peal 8 Skylge wint ynternasjonale priis

De KNRM Peal 8 op Skylge hat in ynternasjonale priis wûn. It giet om de IMRF Award, dy't takend wurdt as blyk fan tank foar wurk op it gebiet fan rêdingsaksjes. De Skylger frijwilligers en professionals fan de KNRM op Skylge krije de priis foar twa spesifike rêdingsaksjes.
Skipper Henk Spanjer en bemanningslid Gert Haarsma krigen de priis útrikt © KNRM
De earste wie oktober ferline jier, doe't in skip mei fjouwer persoanen oan board rêden wurde moast yn meters hege weagen. En yn febrewaris dit jier moasten trije minsken fan in fiskersskip helle wurde. Dat wie yn in stoarm en mei lege temperatueren.
De priis waard tongersdeitejûn útrikt oan skipper Henk Spanjer en bemanningslid Gert Haarsma, by de IMRF European Meeting Conference yn Noarwegen.