Kick Out Zwarte Piet wiis mei útspraak: "Niet voor eigen rechter spelen"

09 nov 2018 - 14:54

De aktivisten fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) binne wiis mei de útspraak fan de rjochtbank yn de saak tsjin de A7-blokkearders. "De rechtspraak geeft hiermee een signaal af dat burgers niet voor eigen rechter mogen spelen in een rechtsstaat", seit KOZP yn in reaksje.

Foto: ANP

KOZP fynt dat de blokkearders lessen en workshops fan Nederland wordt beter folgje moatte soenen. Dêryn sit ek in lespakket oer de skiednis fan Sinteklaas en Swarte Pyt. Sa'n kursus soe ien dei duorje. De rjochtbank gie lykwols net mei yn dy eask.

Spitich, fine de aktivisten. "Dit had een mooie kans gevormd om de partijen nader tot elkaar te brengen en over en weer begrip te kweken voor elkaars standpunten", seit de aksjegroep.

Jerry Afriyie fan Kick Out Zwarte Piet oan it wurd

(advertinsje)