Pleats Spangea fersakket dramatysk

09 nov 2018 - 14:50

Nachts kin de famylje Dekker hearre hoe't it houten byntwurk fan de pleats pipet en kreaket troch de fersakjende grûn om de pleats hinne. Dit is ien fan de saken dêr't de famylje Dekker oan fernimt dat it hûs fersakket. Ek skave se gauris in stikje fan de ûnderkant fan de doarren ôf. Doe't sy tolve jier ferlyn de buorkerij út 1864 kochten, wie der noch neat oan de hân.

De lêste jierren is de buorkerij bot fersakke. Fan it simmer waard it noch slimmer. Der komme oeral skuorren, der is romte tusken it dak en de romp en doarren en ruten klemme.

Neffens Pieter en Ellen Dekker komt it allegear troch it lege grûnwetterpeil. Boppedat wurde geregeld fearten ticht smiten. In pear jier ferlyn makke it planburo foar de Leefomgeving bekend dat de kosten fan it fersakjen fan de feangreide-gebieten yn Nederlân mear as 5 miljard euro kostje sil.

"Je gaat wel nadenken over de toekomst. We maken ons zorgen. Je hele plaatje van ouder worden in deze boerderij is anders nu", seit Ellen Dekker. De drûchte hat de saken wol slimmer makke, tinkt de famylje, want yn 9 moannen tiid binne der skuorren ûntstien fan leafst 4 oant 5 sintimeter grut. "Die waren er driekwart jaar nog niet", follet Pieter Dekker har oan.

Oant no ta hat kontakt mei ynstânsjes noch gjin doel hân. "It Wetterskip Fryslân wol wol yn oerlis mei de famylje, mar it kontakt ferrint dreech", seit Pieter Dekker. Yntusken sjogge se hoe't de stiennen yn de muorren hieltyd fierder ôfbrekke.

"Op sommige plekken is het een mozaïek aan stenen geworden. Het breekt helemaal af", seit Pieter. Ellen Dekker: "Je vraagt je af, gaat het net zo hard verder als dat het gegaan is deze zomer of blijft het stabiel. Dan denk je, wat wordt onze toekomst."

(advertinsje)