Advokaat Van der Goot slút heger berop fan blokkearders net út

09 nov 2018 - 14:44

Advokaat Tjalling van der Goot is teloarsteld oer it fûnis fan de Ljouwerter rjochtbank. De rjochtbank joech freed taakstraffen oan de measte A7-blokkearders en selstraffen ûnder betingst. Van der Goot is de advokaat fan 33 fan de 34 blokkearders en Jenny Douwes. Hy tinkt deroer nei om yn berop te gean.

De measte blokkearders krigen in taakstraf fan 120 oeren oplein. Guon dy't in gruttere rol spilen, krigen taakstraffen fan 180 oant 200 oeren. "Stevige wurkstraffen", fynt Van der Goot. "Myn kliïnten binne frijsprutsen fan it behinderjen fan in 'betoging', it swiertepunt yn dizze saak foar it Iepenbier Ministearje, mar dat hear ik net werom yn it fûnis."

Jenny Douwes krige de heechste straf, fanwege opruiing: in taakstraf fan 240 oeren en in moanne finzenisstraf ûnder betingst. "Se is frijsprutsen fan it meiplegen fan de blokkade en úteinlik allinnich feroardiele foar in útklaaide foarm fan opruiing. Mar sy krijt wol de heechste straf. Dat kin ik har net útlizze."

(advertinsje)