Taakstraffen foar measte A7-blokkearders, Jenny Douwes krijt ek moanne finzenisstraf ûnder betingst

09 nov 2018 - 13:59

De straffen foar de A7-blokkearders fariearje fan 80 oeren oant 200 oeren taakstraf. Jenny Douwes moat in taakstraf fan 240 oeren dwaan en se krijt in finzenisstraf fan 1 moanne ûnder betingst. Douwes waard frijsprutsen fan belutsenens by de blokkade, mar de rjochter fynt har skuldich oan opruiing. Foar in pear fan de 34 blokkearders is de straf heger as de eask. Ien blokkearder, dy't psychyske klachten hat, krige in legere straf: 80 oeren taakstraf.

Jenny Douwes - Foto: Kappers Media

Hegere straffen

De man dy't op de A7 syn bleate kont sjen liet, krijt in hegere straf as dat der yn earste ynstânsje easke wie. Dit wurdt net dien om't er syn billen sjen liet, mar om't syn rol yn de blokkade grutter wie as dy fan de oare blokkearders. De man wie belutsen by ynsidinten op de A6 en A7. Hy krijt dêrfoar 180 yn stee fan 150 oeren wurkstraf.

Gjin selstraffen

De rjochter hat gjin selstraffen sûnder betingst oplein: "een onvoorwaardelijke celstraf zou te ver gaan". Der is nammentlik gjin geweld brûkt, sei de rjochter. Tsjin ien man wie in selstraf sûnder betingst easke. Hy krige fan de rjochter 200 oeren taakstraf en in selstraf ûnder betingst.

Eigenrichting moet niet worden getolereerd.

De rjochter

Alle straffen

  • 240 oeren taakstraf en 1 moanne finzenisstraf ûnder betingst foar Jenny Douwes
  • 200 oeren taakstraf en 1 moanne finzenisstraf ûnder betingst foar twa fertochten
  • 180 oeren taakstraf foar trije fertochten
  • 120 oeren taakstraf foar 27 fertochten
  • 80 oeren taakstraf foar ien fertochte

De straffen moasten lykwols ek net te licht wêze, fûn de rjochter. "Eigenrichting moet niet worden getolereerd." It giet dan ek om swiere feiten, seit de rjochtbank. In jildboete docht gjin rjocht oan de feiten. Sjoen de eftergrûn fan de minsken komt der gjin "onvoorwaardelijke straf".

De easken

It Iepenbier Ministearje fûn by de behanneling fan de saak, fjouwer wiken lyn, dat alle 34 fertochten fan de A7-blokkade, ferline jier op 18 novimber by de lanlike yntocht fan Sinteklaas, straf hawwe moatte. En dan gjin boete, want sy moatte it sels fiele.

De eask tsjin Jenny Douwes wie 240 oeren taakstraf en 3 moanne finzenisstraf ûnder betingst, ûnder oare fanwege opruiing.

Oare fertochten hearden 120 of 150 oeren taakstraf as eask. In man dy't syn bleate kont sjen liet, krige 150 oeren taakstraf tsjin him easke.

Langer tiid

Omdat it sa'n grutte saak is, hat it fjouwer wiken duorre oant de útspraak. Normaal duorret dat twa wiken. "It bart wol faker dat it langer duorret", seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust, dy't de rjochtsaak folget. "Der binne 34 fertochten en it leit gefoelich. It is in megaproses en se wolle goed de tiid nimme. Mar twa wiken ekstra ha ik noch net faak meimakke."

(advertinsje)