Freedsmerk: "Jou dy demonstranten in skop ûnder de kont!"

Krekt as Sinteklaas sels, komt ek alle jierren de diskusje oer Swarte Pyt werom. Foar de yntochten takom wike yn Ljouwert en Dokkum bin bygelyks ek al wer demonstraasjes oankundige.
- © ANP
Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen ferdield: "Ferbied dy demonstraasje! Opgesodemieterd met die flauwekul!", sei de ien. In oar fûn krekt dat de wrâld feroare is en dat je dêr wat yn mei gean moatte. De blommeman wist noch dat Swarte Pyt eartiids mei grutte kettingen om de poat troch it doarp gie: "Der is in soad feroare, mar dy swarte kleur moat al bliuwe."
Freedsmerk oer Swarte Pyt
"Je moet het niet te zwaar maken, want het is vast niet bedoeld als racisme. Maar het heeft zijn langste tijd vermoedelijke wel gehad", sei immen dy't sels in kleurke hat. In Ljouwerter dy't fan syn 18e oant syn 71e as help-sinterklaas aktyf wie, is opholden doe't er wite piten meinimme moast: "Doe wie de aardichheid der ôf..."