MCL stiet leech yn de top 100 fan de sikehuzen: "It is krekt in jojo"

09 nov 2018 - 12:05

Sikehûs MCL yn Ljouwert stiet op it 22ste plak by de topklinyske sikehuzen fan it lân. Dat seit alteast it Algemeen Dagblad yn harren jierlikse top 100.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De top 100 is dit jier opdield yn top topklinyske sintra en streeksikehuzen. Yn oare jierren wie der 'gewoan' in list mei 100 sikehuzen. By in topklinysk sikehûs binne der komplekse operaasjes en dat is yn streeksikehuzen net sa. Ek de akademyske sikehuzen stean yn in oare list. "It UMCG docht hiele oare dingen as wy en it MCL docht wer mear as bygelyks Antonius", seit wurdfierder Frits Mostert fan it MCL. "Dat moat dus net yn ien listje en wat dat oanbelanget is it in stap foarút."

It is krekt in jojo.

Frits Mostert fan it MCL

Der binne 26 topklinyske sikehuzen yn Nederlân. It MCL stiet dus op it 22ste plak. It Ljouwerter sikehûs wie ek wolris de bêste (2006) "en ek wolris de lêste", wit Mostert. "It is krekt in jojo, dat jildt ek foar oare sikehuzen."

Yn de list mei streeksikehuzen - dus net deselde list as de list mei topklinyske sintra - stiet Antonius út Snits op it 19e plak mei in 7,6, folge troch Nij Smellinghe (Drachten) op 20 mei in 7,5. Tjongerschans op It Hearrenfean stiet op it 27ste plak mei in 7,1.

It AD hat dit jier de list gearstald oan de hân fan 36 aspekten. "Dat is fansels hiel wichtich, mar it binne alle jierren ek oare aspekten. Der binne yn totaal mear as 300. Sy hawwe wol gelyk en it moat ek better, mar dat witte wy ek en dêr binne wy mei dwaande. It is moai dat sy sjogge nei kwaliteit, mar sa'n listje seit net alles", seit Mostert. Under oare it tafersjoch op it brûken fan medikaasje, operaasjes dy't in soad foarkomme en onkology binne aspekten dêr't it AD nei seach.

It MCL krijt as einskoare 58,67 prosint, wat delkomt op in 5,8. It Jeroen Bosch Ziekenhuis út Den Bosch is de nûmer ien mei in 7,5. Mostert: "Je kinne nei it AD sjen, mar ik soe as pasjint dochs echt net allinnich nei de top 100 sjen. Ik soe advisearje om sikehuzen op Ziekenhuischeck te fergelykjen, bygelyks as je ferlet ha fan in nije heup."

(advertinsje)
(advertinsje)