LIVEBLOG: De rjochtbank docht útspraak yn de saak fan de A7-blokkearders
Yn de rjochtbank yn Ljouwert hearre de 34 fertochten yn de saak fan de A7-blokkearders oft se al as gjin straf krije. Tsjin 23 fertochten is 120 oeren wurkstraf easke, tsjin sân fan harren 150 oeren. Twa fertochten moatte as it oan it Iepenbier Ministearje leit 80 oeren oan it wurk. Tsjin Jenny Douwes, dy't troch it Iepenbier Ministearje sjoen wurdt as ien fan de haadfertochten en oanstichters, is 240 oeren wurkstraf easke en 3 moanne sel ûnder betingst. Tsjin in 24-jierrige Damwâldster waard trije moanne selstraf easke en in wurkstraf fan 240 oeren. Us ferslachjouwers binne yn de rjochtbank en dogge streekrjocht ferslach yn dit liveblog.
Earste dei heger berop A7-blokkearders: fiif fertochten foar de rjochter
Parse officier reaksje
Sinterklaas oer de útspraak
De aktivisten fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) binne wiis mei de útspraak fan de rjochtbank yn de saak tsjin de A7-blokkearders. "De rechtspraak geeft hiermee een signaal af dat burgers niet voor eigen rechter mogen spelen in een rechtsstaat", seit KOZP yn in reaksje.
Reaksje Martin Bosma
Advokaat Tjalling van der Goot is teloarsteld oer fûnis fan de Ljouwerter rjochtbank. Van der Goot is de advokaat fan 33 fan de 34 blokkearders en Jenny Douwes. Hy tinkt deroer nei om yn heger berop te gean.
Reaksje op de útspraak 2
Even alle straffen dy't de rjochter oplein hat op in rychje:
- 240 oeren taakstraf en 1 moanne finzenisstraf ûnder betingst foar Jenny Douwes
- 200 oeren taakstraf en 1 moanne finzenisstraf ûnder betingst foar twa fertochten
- 180 oeren taakstraf foar trije fertochten
- 120 oeren taakstraf foar 27 fertochten
- 80 oeren taakstraf foar ien fertochte