It NFF by Omrop Fryslân: Dokumintêres yn de spotlights

Fan moandei 5 oant snein 11 novimber stiet Ljouwert wer folslein yn it teken fan it Noordelijk Film Festival. It festival duorret dit jier in pear dagen langer yn ferbân mei LF2018, en Omrop Fryslân is der alle wurkdagen by mei in wiidweidige útstjoering út De Harmonie wei. Yn dit programma petearen mei filmmakkers en reportaazjes. Alle jûnen stjoere wy ien of soms twa films út.
It NFF by Omrop Fryslân: Dokumentêres yn de spotlights
In dei fan dokumintêres by Omrop Fryslân op it Noordelijk Filmfestival. De priiswinnende film 'De laatste boer van Euvelgunne' fan Tom Tieman stjoere wy op dizze jûn út. It is it ferhaal fan boer Thies Dijkhuis dy't syn pleats, syn alve kij en syn lân ferdigenet tsjin de útwreiding fan de stêd Grins. Karen Bies praat mei regisseur Tom Tieman, dy't dit jier ek mei syn nije film 'De Muze' op it filmfestival fertsjintwurdige is.
Laatste boer Euvelgunne © Omrop Fryslân
De Omrop Fryslân-dokumintêre 'De Striid' giet oer de triatleet Jacob Veenstra. Filmmakker Murk Jaep van der Schaaf folget him yn syn fysike en mentale training foar de Frysman 2018, in triatlon dy't begjint en einiget op it Reaklif.

De Joodse Bruiloft

Karen praat ek mei Annet Huisman oer har film 'De Joodse Bruiloft'. De bern fan de Joadske Barend en Mimi Boers binne op reis troch Europa. Se folgje it spoar fan de flecht fan harren âlders yn de Twadde Wrâldoarloch. Barend en Mimi ha der nea oer praten, alle oantinkens sieten fuortstoppe yn in koffer. Annet: "It is it ferhaal dat net ferteld wurde mocht, mar dat wol jo hiele libben beynfloede hat."
Jacob Veenstra © Omrop Fryslân