Claudy Jongstra fan Spannum keazen ta Keunstner fan it jier 2019

Untwerper Claudy Jongstra fan Spannum is keazen ta Keunstner fan it Kommende Jier. De 55-jierrige Jongstra, dy't harsels matearjekeunstner neamt, wurket benammen mei tekstyl.
Claudy Jongstra fan Spannum keazen ta Keunstner fan it jier 2019
It wurk fan Jongstra is opnaam yn wichtige kolleksjes yn binnen- en bûtenlân. Ek hat se meiwurke oan de kostúms foar de Star Warsfilm The Phantom Menace. Fan Jongstra is bekend dat se wurket mei natuerlike materialen. By har pleats yn Spannum ferbout se planten dy't se brûkt as basis foar kleurstoffen dy't se yn har materialen ferwurket.
It kiezen fan de Keunstner fan it jier 2019 is in inisjatyf fan de Stichting Kunstweek. Foar de ferkiezing hawwe hast 45.000 keunstleafhawwers in stim útbrocht.
By har studio yn Spannum hinget yntusken de flagge út. Jongstra is hiel bliid mei de ferkiezing, dy't sjoen wurdt as erkenning foar har wurk. Ek it feit dat safolle minsken út de keunstwrâld stimd hawwe, sjocht Jongstra as in eare.