Wat sil de rjochter dizze freed beslute oer de A7-blokkade?

09 nov 2018 - 09:27

De rjochtbank yn Ljouwert docht freedtemiddei útspraak yn 'e saak oer de A7-blokkearders. De sneldyk by De Jouwer waard doe op 'e dei fan de Sinteklaasyntocht yn Dokkum blokkeard.

A7-blokkade - Foto: Camjo Media

It Iepenbier Ministearje fynt dat alle 34 fertochten fan de A7-blokkade, ferline jier op 18 novimber by de lanlike yntocht fan Sinteklaas, straf ha moatte. En dan gjin boete, want sy moatte it sels fiele. De eask tsjin Jenny Douwes is 240 oeren taakstraf en 3 moanne finzenisstraf ûnder betingst, ûnder oare fanwege opruiing.

Oare fertochten hearden 120 of 150 oeren taakstraf as eask. In man dy't syn bleate kont sjen liet, krige 150 oeren taakstraf tsjin him easke.

Omdat it sa'n grutte saak is, hat it fjouwer wiken duorre oant de útspraak. Normaal duorret dat twa wiken. "It bart wol faker dat it langer duorret", seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust, dy't de rjochtsaak folget. "Der binne 34 fertochten en it leit gefoelich. It is in megaproses en se wolle goed de tiid nimme. Mar twa wiken ekstra ha ik noch net faak meimakke."

Folgje de útspraak fan 13 oere ôf yn ús liveblog.

Zeldenrust ferwachtet net dat der minsken frijsprutsen wurde. "Omdat it oer dingen giet dy't gewoan net meie. It giet net oer Swarte Pyt, neffens it Iepenbier Ministearje. It giet om it blokkearjen fan de sneldyk en it tsjinhâlden fan in demonstraasje."

Mar minsken sjogge dochs ek oars nei sa'n rjochtsaak. "Je kinne de eagen net slute foar de realiteit. Wat de rjochter ek sizze sil, minsken dy't mei de bril fan de Sinteklaasyntocht op nei dizze saak sjogge, sille dêr dochs oan tinke."

Hokker útspraak der ek komt, Zeldenrust tinkt dat der sawiesa in heger berop komme sil. De útspraak begjint om 13 oere en sil tusken de ien en twa oeren duorje.

Trefwurden: 
A7-blokkade Jenny Douwes
(advertinsje)