Doarpsbelang Appelskea lilk oer start ferkeap kavels Miniatuurpark: "Je houdt ze een worst voor"

It doarpsbelang fan Appelskea is lilk. Sneon set in projektûntwikkeler 23 kavels te keap op it terrein fan it âlde Miniatuurpark by de Boerestreek, wylst noch hielendal net bekend is oft der wol boud wurde mei.
© Gemeente Eaststellingwerf
De gemeente stimde ôfrûne simmer om it bestimmingsplan te wizigjen, mar doarpsbelang hat beswier yntsjinne. Neffens it nije bestimmingsplan meie der 55 hûzen boud wurde, mar neffens doarpsbelang kin dat friksje opsmite tusken de eveneminten op it rekreaasjegebiet en de nije bewenners. Sa soene dy oer lûdsoerlêst kleie kinne en is der oan'e oare kant ek minder romte foar eveneminten.
Op 7 jannewaris komt de saak foar de Raad van State. Pas dan wurdt bekend oft der boud wurde mei. Sneon set in projektûntwikkeler lykwols al 23 kavels te keap. Dat is net yn striid mei de regeljouwing, mar neffens doarpsbelang dochs net winsklik. Sa kin de ferkeap fan de kavels brûkt wurde as presjemiddel by de rjochter.
Je houdt ze een worst voor.
Jan van Gelderen
"Ons was toegezegd dat er zolang de procedure loopt, niks zou gebeuren en dan doen ze dat toch", seit Jan van Gelderen, vice-foarsitter fan it doarpsbelang. Wij vinden het moreel niet juist. Het dorp is tegen bouwen op de Boerestreek. Als je wilt bouwen in Appelscha, zoek je maar een andere plek. Je voelt je niet serieus genomen en wordt gepiepeld door die huizenbouw."
It is dus noch net wis oft der boud wurdt en dat is neffens Van Gelderen net goed foar minsken dy't miskien in hûs keapje wolle. "Je houdt ze een worst voor. We moeten bij die locatie gaan staan en mensen waarschuwen om vooral niet te kopen."