Kollum: "Ynienen"

"Doe't ik in famke wie, woe ik graach in puber wêze, want dan koe ik op stap. Foar myn gefoel duorre it in ivichheid, mar ynienen wie it dochs sa fier: ik mocht nei it Hof van Holland yn Berltsum.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Jierrenlang elk wykein op stap en koest dy werklik net foarstelle datst ea in sneontejûn thús sitte soest. En dan ynienen is it sa fier; hoechst net sa nedich op stap mear, want thús is it ek fijn. Us beide pubers sitte no yn dizze faze wylst ús 20 -plussers al wer in hiel oar libben ha.
En wat duorre it lang foardat ik 18 waard en autoride mocht. Mar ynienen komt de dei datst ôfride kinst en dan hast dat ek wer hân. Sa giet it úteinlik mei alles. Asto krekt in relaasje hast, kinst it dy net yntinke datst it ynienen wolris noflik fynst dat er in jûn betiid op bêd giet sadatst dyn eigen gong noch efkes gean kinst en asto op kop en earen yn 'e lytse bern sitst, stiest net stil by de tiid dat se ynienen samar it hûs út binne.
Ik koe my ek sa fernuverje oer minsken dy't nei it iten altyd mei toskepluzers yn 'e snút om tyskje en ynienen kocht ik sels ek doaskes fol. En dat geseur om in lêsbril begriep ik ek net, oant ik in kear yn 'e supermerk stie en ynienen net mear lêze koe hokker yngrediïnten op de ferpakking stiene. It gong hieltyd minder mei ús kat en ynienen wist ik ôfrûne tiisdei dat it tiid wie en koe ik it beslút nimme de bistedokter te beljen. Fjirtjin jier sa wiis mei har west en ynienen wie se der net mear.
Ik hie eartiids in kear ferkearing en immen mei mear libbensûnderfining frege hoe't it gong. 'Super!' sei ik entûsjast. Doe frege er oft ik ûnder it frijen wolris nocht hie oan in patatsje en dat fûn ik sok dom praat! Mar ynienen hie ik al leaver patat as in tút en doe wie de ferkearing gau út. En oant myn 45ste mocht ik gjin tomaten, mar ynienen fûn ik se lekker.
De stoere jonges fan doe binne no allegearre grize dowen en en sy hiene grif ek net tocht dat it testosteronpeil nochris flink dale soe en harren froulju yn 'e oergong komme soene. Kinst der wol tsjin fjochtsje en hoopje dat alles by it âlde bliuwt, mar dat draait meastal út op frustraasjes en ellinde.
Neat is foar ivich is en alles feroaret, mar dat hoecht net perfoarst in ramp te wêzen ast meidiest op de weagen fan it libben en dyn gefoel. Teminsten, dat is myn ûnderfining. Ik fûn manlju op elektryske fytsen suertsjes, mar myn eigen hat no ek ien en ik fyn him der net iens minder stoer om. Ik sil sels ek noch wolris ien oanskaffe sadat we tegearre te fytsen kinne yn deselde fleecejaskes.
Mar safier is it noch net, want ik rin leaver op myn nije steunsoallen as dat ik fyts. Dochs sis ik nea mear 'nea' want foardatst it witst is it ynienen sa fier. Ik besykje it ús pubers ek wolris oan it ferstân te bringen, mar dat slagget net rjocht. It libben is ien grut feest en in pear jier is noch sa fier fuort!
Elts minske is unyk, mar dochs komme we úteinlik in protte deselde dingen tsjin yn it libben. Ynienen betocht ik my dat. En foar wa't ûnder it frijen oan patat tinkt; besykje him of har ris yn te smarren mei mayonêze, apenútsaus of curry. Dan is de seks miskien ynienen ek wer lekker."