Takomst ûndernimmersferiening Sint-Anne ûnwis: der is allinnich mar in foarsitter
De leden fan ûndernimmersferiening St. Anna Vooruit nimme moandei in beslút oer de takomst fan de feriening. Ûndernimmers litte te min belutsenens sjen om har oan te sluten by de feriening.
Op dit stuit sit der allinnich mar in foarsitter yn it bestjoer. St. Anna Vooruit hat noch sa'n sechstich leden dy't kontribúsje betelje. Dêrmei wurde bygelyks eveneminten lykas de keningsdeimerk organisearre. Ek bemiddelet de feriening tusken de gemeente en ûndernimmers.
Dochs hâldt foarsitter John Ynema betrouwen yn in goede ôfrin. "Ik bin wis dat wy de minsken mobilisearje kinne en dat wy der dan wol út komme. Der binne neffens my al in pear kandidaat-leden foar it bestjoer."
Ynema seit dat St. Anna Vooruit net de iennige feriening is wêr't problemen binne mei it bestjoer. "Dat spilet yn hiel Nederlân, minsken binne mear op harsels. It is lestich om bestjoersleden te finen."