De kjeld is út de loft: swimbad Boalsert wurket gear mei stifting Ons Zwembad Bolsward

09 nov 2018 - 06:33

Optisport en de stifting Ons Zwembad Bolsward hawwe de hannen ynelkoar slein om it swimbad fan Boalsert iepen te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foarige moanne wie der noch wat argewaasje, om't de stichting it swimbad mooglik sels wol oernimme woe. Dat wylst eksploitant Optisport noch oant 2021 in kontrakt hat. Nei inkelde petearen tusken de twa partijen is de kjeld no út de loft. "Het belangrijkste is dat we nu de neuzen dezelfde kant op hebben", seit Syds Homan fan Optisport. "Ons doel is dat we het zwembad open willen houden voor de inwoners van Bolsward. We denken dat we samen een goede toekomst voor het zwembad kunnen maken."

Syds Homan fan Optisport

Twa jier ferlyn woe de gemeente ek al fan it swimbad ôf, mar doe koe it rêden wurde troch in flinke koarting op de subsydzje ôf te praten mei Optisport. Yn ruil foar dy koarting waard de stifting Ons Zwembad opsetten, dy't soargje moast foar 60 oeren oan frijwilligers yn 'e wike yn it swimbad. Mar dat is oant no ta net slagge.

Homan: "Ons doel is om in januari de vrijwilligersinzet op zo'n niveau te hebben dat we daar in elk geval als Optisport baat bij hebben en dat we de besparing door kunnen voeren die de gemeente heeft opgelegd." Tegearre wurdt no besocht in plan fan oanpak te meitsjen om it swimbad ek yn 'e takomst iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Boalsert swimbad
(advertinsje)