Aris jout foarsprong fuort en ferliest yn Dordrecht

08 nov 2018 - 22:22

Basketbalklup Aris hat nei in foarsprong by rêst dochs ferlern fan de Dutch Windmills. De Ljouwerter basketballers ferlearen yn Dordrecht troch yn de einfaze de oerwinning út hannen te jaan. Aris ferlear mei 78-73.

Foto: Aris Ljouwert

Aris hie nei it earste kwart in knappe foarsprong fan 22-13. De Dutch Windmills binne in nije ploech yn de basketbalkompetysje yn Nederlân en hawwe nochal wat mear budzjet as Aris. De Dutch Windmills stean dan ek tredde, wylst Aris no sechsde is. Dochs wie nei rêst de foarsprong noch altyd foar de Ljouwerters: 41-37.

De stân waard nei trije kwarten lyk lutsen (57-57) en oant 70-70 bleau it spannend. Doe rûnen de Dutch Windmills dochs út nei in 78-73 oerwinning.

Sneon spilet Aris wer in útwedstriid. Dizze kear tsjin Feyenoord yn Rotterdam, de nûmer acht fan de kompetysje. Aris hat no twa punten mear as Feyenoord en ien wedstriid minder spile.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(advertinsje)