Trije manlju oanhâlden nei wapene oerfal op Poiesz yn Ljouwert

08 nov 2018 - 21:31

Yn Ljouwert hat tongersdeitejûn in oerfal plakfûn yn de Poiesz oan 'e Oostersingel yn Ljouwert. Twa mannen yn swarte klean en mei bivakmûtsen kamen wapene de supermerk binnen. In part fan de bút is weromfûn op 'e Noorderweg. Der binne trije manlju fan 17, 20 en 25 jier oanhâlden.

Op it momint fan de oerfal wiene der minsken yn de winkel oanwêzich. Se hiene meiwurkers en klanten bedrige mei, nei alle gedachten, fjoerwapens.

De dieders naaiden út mei in ûnbekende bút yn de rjochting fan de Jumbo. Mei tank oan tsjûgen kaam de plysje út by in appartemintekompleks oan de Arendstún yn it sintrum fan de stêd. De 25-jierrige man waard op strjitte oanhâlden en de twa oare manlju binne binnen oppakt.

By de syktocht nei de oerfallers is in plysjehelikopter ynset. De plysje sil ûndersykje wa't krekt wat dien hat by de oerfal.

Foto: Anton Kappers
Trefwurden: 
Ljouwert Poiesz oerfal
(advertinsje)