Trije jier selstraf easke tsjin Ljouwerter 'himpdirekteur'

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei trije jier sel easke tsjin in 50-jierrige Ljouwerter. Hy soe belutsen west hawwe by fjouwer himpkwekerijen: yn Drachten, Surhústerfean, Ljouwert en Frjentsjer.
© Public Domain Pictures
Neffens it Iepenbier Ministearje hie de man de lieding yn in groep fan fjouwer, dy't him dwaande hold mei himptylt. Neffens oare fertochten waard de Ljouwerter 'de direkteur' neamd.
It gie om in perioade fan hast twa jier. De earste kwekerij waard begjin 2014 oprôle; de lêste wytplantaazje waard yn febrewaris 2016 ûntdutsen oan de Lauwerswei yn Surhústerfean. Yn totaal gie it om 2750 himpplanten. De fertochte wie by alle fjouwer kwekerijen sinjalearre.

"Bewijsvoering rammelt"

Neffens de advokaat fan de fertochte hat it Iepenbier Ministearje syn kliïnt mei in soad 'pijn en moeite' oan de kwekerijen keppele. "De bewijsvoering rammelt aan alle kanten", sa sei er.
De rjochtbank yn Ljouwert docht oer twa wiken útspraak.