Man dy't oan heechwurker hong, stiet wer mei beide skonken op 'e grûn

08 nov 2018 - 20:11

It wie in opmerklik berjocht woansdeitejûn: Man hinget skoft oan heechwurker yn bosk. De man wie yn 'e buert fan it Heidepaad yn Nijemardum dwaande mei snoeiwurk, doe't de masine it bejoech. Hy hong mei ien hân sa'n 2,5 oere oan in liere oan it bakje fan de heechwurker. De man bliek Paul van Buuren te wêzen en hy wie tongersdei al wer gewoan oan it wurk.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Ik was dood hout uit de bomen aan het zagen, toen de hoogwerker in de beveiliging sprong. Vanaf de grond was 'ie ook net meer te bedienen. Toen besloot ik me via een touw naar beneden te laten zakken", seit Van Buuren.

"We hebben een klimtouw omhoog weten te krijgen. Daarmee zou ik me laten zakken. Helaas is de haak achter de rand van de bak terechtgekomen", ferfolget er. Nei in skoftke begûnen syn skonken yn 'e knipe te kommen en krige er lêst fan syn skouders. Dus hy wie bliid dat de brânwacht oankaam mei in ljedderwein. Syn iten thús wie spitigernôch wol kâld wurden.

Van Buuren bongelet ûnder de heechwurker - Foto: Camjo Media
(advertinsje)