Syn dochter is fermoarde; heit fertelt syn ferhaal yn de Ljouwerter finzenis

08 nov 2018 - 18:30

Personiel en finzenen fan de PI Leeuwarden krigen tongersdei besite fan in heit wa't syn dochter fermoarde is. Hy fertelde in yndrukwekkend ferhaal mei in boadskip en de hope wie dat kriminelen net wer de fout yn geane.

Yn de Ljouwerter finzenis wurdt besocht om finzenen wer op it rjochte paad te krijen. Dat wurdt ûnder oare dien mei ferskate kursussen en opliedings. Wichtich is dat finzenen ynsjoch krije yn wat se dien hawwe en dêrfan leare.

Jacques Beemsterboer oan it wurd

En dêrom kaam tongersdei Jacques Beemsterboer del, dy't net allinne oan finzenen, mar ek it personiel syn ferhaal fertelt. Syn 20-jierrige dochter is fermoarde troch har eks-freon op 2 desimber 2006. Dat barde yn Amsterdam. De dieder krige 12 jier sel en tbs. Tongersdei waard besletten oer ferlinging fan de tbs.

Auke Zeldenrust praat mei de adjunkt-direkteur fan de finzenis

(advertinsje)