De Friesland: tekoart soarchpersoniel grut probleem foar takomst Fryske soarch

08 nov 2018 - 16:58

It wurdt yn de takomst dreech om yn de fjouwer Fryske sikehuzen in earste helpôfdieling iepen te hâlden. Der is gewoanwei net genôch personiel. Dat stelt soarchfersekerder De Friesland. In oplossing is net gau foar hannen. De Friesland is yn petear mei de sikehuzen om in oplossing te finen.

"Een arts trek je niet zomaar uit de grond", seit direkteur Steven Hofenk fan De Friesland Zorgverzekeraar. "Dat geldt ook voor andere handen die je in de zorg nodig hebt."

Yn twa sinnen sketst Hofenk hjirmei ien fan de grutste problemen dy't der spylje yn de Fryske soarch. Der is in grut ferlet fan goede minsken. Net allinnich yn de sikehuzen.

Yn Ljouwert is ek noch in grut tekoart oan húsdokters. De Friesland wurket yn oparbeidzjen mei de húsdokters hurd oan oplossingen.

Gearwurking tusken de Fryske sikehuzen is dan fan grut belang. "Het is alleen lastig de neuzen in dezelfde richting te krijgen. Ieder ziekenhuis kijkt toch altijd ook naar het eigen belang en het belang van de patiënten in de regio", seit Hofenk.

Dochs sil net ien der oan ûntkomme. Gearwurking wurdt de takomst. In foarbyld is bygelyks de ferskillende spesjalisaasjes dy't der binne.

Soarchfersekerder De Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Om de ekspertize fan in spesjalist goed te ûnderhâlden moatte se geregeld operearje. Dizze noarmen wurde troch de medysk spesjalisten sels bepaald. "Er zijn cijfers over bijvoorbeeld prostaatoperaties. Dan zit je aan minimaal 100 per jaar."

De konsintraasje fan soarch, sa witte de sikehuzen en de soarchfersekerder, is ek nedich om bepaalde soarch foar Fryslân te behâlden.

Om kosten te beheinen kin de soarch oars ynrjochte wurde, seit direkteur soarchynkeap Paul Offringa: "Je kunt bijvoorbeeld specialisten weer in loondienst nemen. Die hebben dan minder de prikkel om te produceren voor hun inkomen." Sa wurdt al wurke yn in sikehûs yn Uden en de resultaten binne dêr goed.

Dokter Appke

Op It Hearrenfean wurdt takom jier begûn mei in spesjale 'triage-app'. Oan de hân fan dy app kinne minsken help krije om út te finen wat der oan de hân is en wêr't se de bêste help krije kinne. De app kin ûnnedich sikehûsbesite foarkomme.

De Friesland set ek bot yn op mobile tsjinsten. Sa komme se mei de app 'Dokter Appke'. Minsken kinne sa op ôfstân chatte mei in meiwurker fan it bedriuw Medicinfo. Dêr sitte ferpleechkundigen en dokters dy't advys jaan kinne oft je mei in medysk probleem nei de húsdokter moatte of dat der neat oan de hân is.

Dokter Appke - Foto: WoonFriesland

Reorganisaasje

Op dit stuit sit De Friesland noch midden yn in grutte reorganisaasje. De fúzje mei Zilveren Kruis is sa goed as klear en ynkoarten ferhúzje alle meiwurkers fan De Friesland nei de Achmeatoer yn Ljouwert. Der komme 350 man út Zwolle nei Ljouwert ta.

Mar der ferdwynt ek wurk. Sa wurde guon ôfdielingen oerpleatst nei Leiden en Apeldoorn. Mei inoar bliuwe der yn Fryslân krekt wat mear banen oer as foar de fúzje, sa'n 700.

(advertinsje)