FIDEO: Fryske filmmakkers moetsje elkoar op Noordelijk Film Festival

08 nov 2018 - 16:41

Ek op de tredde dei fan it Noordelijk Film Festival wiene der, neist in soad films, wer tal fan aktiviteiten. New Noardic Wave organisearre bygelyks in poadium dêr't bedriuwen en filmmakkers inoar moetsje koene.

Jûns presintearre it Fryske filmplatfoarm in kolleksje films dy't it ôfrûne jier realisearre binne, mei nei ôfrin live muzyk en in buorrel. De grutste publykslûker wie by de Aldehou, wêr't alle Lân fan taal-projeksjes fan it ôfrûne jier efterinoar toand waarden.

(advertinsje)