FNP en VVD yn Achtkarspelen wolle fan amtsgebed ôf

De FNP en de VVD yn Achtkarspelen stelle it amtsgebed ta diskusje. Op dit stuit sprekt in riedslid oan it begjin en de ein fan elke riedsgearkomste in gebed út.
© Shutterstock.com
De FNP en de VVD freegje har ôf oft in gebed noch wol fan wearde is yn in tiid fan hieltiten fierdergeande sekularisaasje. De fraksjes fine dat de gemeente neutraal wêze moat. Ynwenners moatte har by in riedsgearkomste net ûngemaklik fiele as ien in gebed útsprekt, sizze se.
Op dit stuit binne Achtkarspelen, Ferwerderadiel en Dantumadiel de iennichste gemeenten dêr't it amtsgebed noch yn gebrûk is.