Jan Bruin begrypt twongen ôfskied by VV Burgum: "Het is beter om met een schone lei te beginnen"

08 nov 2018 - 15:27

It bart hast net mear yn it amateurfuotbal: in trainer dy't syn klup leafst acht jier trou bliuwt. In útsûndering is Jan Bruin, dy't al sa lang haadcoach is by VV Burgum. Mar, nei dit seizoen komt der in ein oan de gearwurking.

It fuortgean hat der mei te krijen dat sneinsklup VV Burgum en sneonsklup BCV fusearje sille. Foar it earste alvetal fan de nije fúzjeklup, dat op sneon spylje sil, wurdt in nije trainer socht. It betsjut dat njonken Bruin ek Jasper Bouma, trainer fan BCV, nei dit seizoen fuortgiet.

Het is altijd beter om met een schone lei te beginnen.

Jan Bruin

Bruin begrypt dat se yn Burgum op syk gean nei in nije trainer. "Het is altijd beter om met een schone lei te beginnen bij een fusie. Ik snap de keuze volledig."

De âld-fuotballer seach de bui al in bytsje hingjen, doe't bekend waard dat de fúzje trochset wurde soe. "Vooraf weet je dan al dat de kans groot is dat je de club na acht seizoenen gaat verlaten. Maar ik ben Bergum dankbaar voor acht hele mooie jaren. En nog steeds, we willen het seizoen graag goed afmaken."

Nije útdaging

Wat de takomst Bruin bringt, wit hy noch net. Wol dat hy ta is oan in nije útdaging. "De laatste jaren heb ik zo'n beetje alle hogere Friese clubs wel aan de lijn gehad. Ik moet nu afwachten wat er op mijn pad komt en waar ik me goed bij voel."

Bruin stiet foar alles iepen: sawol in sneons- as in sneinsklup kin belje en it hoecht net iens in heechspyljende klup te wêzen. "Ik ben wat dat betreft wel een vreemde vogel. Ik moet een goed gevoel hebben bij de club en de mensen. Er moet potentie in de jeugd zitten. Ik wil jongens beter maken en ontwikkelen. Het gevoel moet goed zijn en op basis daarvan maak ik een keuze."

Trefwurden: 
fuotbal Jan Bruin vv Burgum
(advertinsje)