Man mishannelet freondinne, pakt har hûntsje ôf en moat de sel yn

08 nov 2018 - 15:14

Tsjin in man út Ljouwert is sân moanne sel easke, omdat er syn freondinne bedrige en mishannele hat en har hûntsje stellen hat. De man en de frou hiene geregeld spul mei elkoar.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Doe't de frou him ris in kear it hûs net ynlitte woe, klom er der fia in rútsje dochs yn. Hy fûn dat se him jild skuldich wie. Om har dat ôf te twingen naam er de chihuahua en de mobile telefoan ôf, dy't se fan him krigen hie. Hy brocht it letter wer werom en pakte har doe by de kiel.

Datingsite

In moanne letter liet de man him fia it balkon fan de boppebuorlju op dat fan it hûs fan syn freondinne sakje en kaam sa by har yn de hûs. Hy woe doe ferhaal helje omdat er heard hie dat de frou op in datingsite aktyf wie. Hy mishannele en bedrige har en naam wer har telefoan mei.

De fertochte seit dat er de frou by de kiel pakte omdat se agressyf wie en omdat er woe dat se ophâlde te razen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
mishanneling sel bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)