Stichting Bolswards Historie is lilk oer betonnen sittreden yn sintrum

08 nov 2018 - 14:43

De pleatsing fan de betonnen sittreden yn Boalsert ferline jier hat in flater west fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Neffens Stichting Bolswards Historie past de konstruksje oan it merkplein yn it sintrum net yn it histoaryske stedsbyld. De flater is troch de gemeente ek erkend, mar de situaasje is noch net feroare.

Jan Sangers - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferline wike hat de Stichting Bolswards Historie in brief nei it kolleezje stjoerd om de situaasje oan te kaarten.

Jan Sangers fan de stichting hat der net in soad betrouwen yn dat de gemeente de betonnen sittreden fuorthelje sil, mar fynt wol dat de gemeente wurd hâlde moat.

"Ik moat it noch sjen. Neidat se harren flater tajûn hawwe, is der noch neat oan dien. Dat betrouwen hat in dûkje krigen. De gemeente moat oer de brêge komme en net oer dizze treden", seit Sangers.

(advertinsje)