Weidumerhout krijt Bib Gourmand, Het Spijshuys rekket dy kwyt

08 nov 2018 - 14:35

Hotel-restaurant Weidumerhout yn Weidum hat in Bib Gourmand krigen. De Bib Gourmand wurdt útrikt troch deselde organisaasje dy't ek de Michelinstjerren útdielt.

It giet om restaurants dy't kwalitatyf goed iten oanbiede, wêrby't in trije-gongen-menu net djoerder as 37 euro wêze mei. It Spijshuys yn Boarnburgum rekke de Bib Gourmand just kwyt.

Fryslân telt noch twa restaurants mei in Bib Gourmand: Bistro Nijeholt yn Beetstersweach en Le Petit Bistro yn Snits. Lanlik sjoen krigen 19 restaurants in Bib Gourmand en rekken 25 restaurants dy kwyt.

Machiel Jurjen de Boer en syn kompaan Sarah Mulder fan Restaurant Weidumerhout - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)