It NFF by Omrop Fryslân: animaasjefilm Woesj! en sosjale film Lady

Fan moandei 5 oant snein 11 novimber stiet Ljouwert wer folslein yn it teken fan it Noordelijk Film Festival. It festival duorret dit jier in pear dagen langer yn ferbân mei LF2018, en Omrop Fryslân is der alle wurkdagen by mei in wiidweidige útstjoering út De Harmonie wei. Yn dit programma petear mei filmmakkers en reportaazjes. Alle jûnen stjoere wy ien of soms twa films út.
Yn de útstjoering fan tongersdei in reportaazje fan ferslachjouwer Wendy Kennedy oer de sfear op it Noordelijk Film Festival. Nei hokker films giesto? En wat fynst derfan?
De Fryske dichter en byldtaalkeunstner Sytse Jansma is op it festival mei syn koarte animaasjefilm Woesj! It is in bysûnder projekt mei it printeboek 'Wapper', skoallen en Tresoar.
Bern fan it spesjaal ûnderwiis hawwe papieren fûgels makke en dy binne troch Sytse brûkt yn syn animaasje. Sytse is te gast yn ús programma en we litte de film Woesj! sjen.
Lady © Omrop Fryslân
Fabian Jansen is in bekend Nederlânsk akteur en teäterregisseur. Yn Fryslân hat hy de film 'Lady' opnommen. It ferhaal giet oer it Etiopyske famke Lady dat yn Ljouwert freonskip slút mei de swalker Wander.
Fabian Jansen wol sosjale films meitsje, dêr't minsken oan meiwurkje dy't libje oan 'e râne fan de maatskippij. Karen Bies hat Fabian útnûge te fertellen oer syn plannen en we fertoane de film Lady - mei Fryske ûndertitels.
In oare filmmakker is Piter Hettinga, dy't mei it Kulturele Haadstêd-projekt 'Look@me' gearwurke hat. Bern en jongeren fertelle har eigen ferhaal oer de omjouwing dêr't se yn opgroeie.
Piter hat twa koarte doku's makke: 'Nieuwe Levens' en 'Ik, Ragheed.' De films fan Look@me gean op 9 novimber yn premjêre op it Noordelijk Filmfestival.
Karen Bies praat mei Fabian Jansen en Sytse Jansma © Wendy Kennedy

It NFF by Omrop Fryslân

Moandei 5 novimber oant en mei freed 9 novimber 2018, is Omrop Fryslân alle jûnen fan 21 oant 22 oere op it Noordelijk Film Festival. Yn dit programma binne gesprekken mei filmmakkers en reportaazjes te sjen. Dêrnjonken stjoere wy alle jûnen ien of soms twa films út.