Robin Maulun ferfangt skorste Justin Mathieu by SC Cambuur

Robin Maulun is freed de ferfanger fan de skorste Justin Mathieu by SC Cambuur. De Ljouwerters geane op besite by Almere City.
© www.dijksfotografie.nl
Mathieu pakte ferline wike tsjin Jong Ajax twa giele kaarten en moat dêrtroch tasjen fan de sydline ôf. Neffens trainer René Hake wie de kar foar Maulun net sa dreech: "We hebben gezocht naar een speler die qua spel het dichtst bij Justin zit en dat is Robin."
Het is aanhaken of afhaken. We moeten daar gewoon winnen.
Nigel Robertha
René Hake
Almere City hat trije punten mear as Cambuur. Dêrtroch is it in wichtich duel, fynt ek oanfaller Nigel Robertha: "Het is aanhaken of afhaken. We moeten daar gewoon winnen."
Ek Hake sjocht dat sa. "Voor een gedeelte is dat zeker zo. Boven ons staat het dicht bij elkaar en wij willen daar tussen staan. Dat betekent dat je een goed resultaat moet halen."
Nigel Robertha
Robertha stiet freed wer yn de spits. Ferline wike wie hy troch in hamstringblessuere net ynsetber. "Ik ben er nu weer bij en ben heel fit." Oant no ta is it noch net it seizoen fan Robertha. Hy miste in oantal wedstriden troch blessueres.
Yn de duels dy't er wol spile, makke hy noch mar ien goal. En dat frustrearret. "Iedere spits is daarmee bezig. Op de training doe ik gewoon mijn ding en ik heb er alle vertrouwen in dat die goals wel weer komen."
De wedstriid tusken Almere City en SC Cambuur set freed om 20.00 oere útein. Ferslachjouwer Andor Faber docht út it Yanmar Stadion wei it kommentaar by Omrop Fryslân op 'e radio.