Ferset tsjin sânwinning Iselmar groeit: "Benaud foar konstante bromtoan"

08 nov 2018 - 12:41

It ferset tsjin de plannen foar sânwinning yn de Iselmar nimt ta. Natuerorganisaasjes en omwenners komme tongersdei by inoar op in spesjale harksit oer de plannen fan it bedriuw Royal Smals, dat yn de kommende 30 jier sân helje wol út de boaiem fan de mar.

It sânwinningseilân sa as it der neffens Royal Smals útsjen sil - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

Dat sil barre op sa'n sân kilometer út de kust by Murns. Neffens de natuerorganisaasjes sil dat skea dwaan oan de natuer en neffens omwenners sil it foar in soad oerlêst soargje. En der binne sels fraachtekens by de winning setten troch it wetterskip fan Noard-Hollân, dat de Iselmar foar drinkwetter brûkt.

Foar de ynwenners fan Murns sels leit de pine benammen by it leven dat de winning meitsje sil en it feroarjende útsicht. "We binne benaud dat der in konstante bromtoan te hearren wêze sil. En dat 30 jier lang, 24 oeren deis en 6 dagen yn de wike", sa seit Baukje Miedema, dy't al oan de Iselmarkust wennet en daliks út de tún wei útsicht hawwe sil op it sânwinningseilân.

Baukje Miedema besjocht de kaart fan de sânwinning - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Omwenner Baukje Miedema

"Dat binne hege gebouwen op in eilân fan sa'n 17 hektare grut. Dy sille wy hiel goed sjen kinne. En dat is gewoan ferfelend." Neffens Miedema jildt dat net allinnich foar de ynwenners fan Murns, mar ek foar de omlizzende doarpen oan de Iselmar.

Rykswettersteat, de provinsje en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren binne allegearre akkoart gien mei de plannen, mar de gemeenteried moat der letter dizze moanne noch oer prate. De tsjinstanners hoopje it mei de ynformaasjegearkomste fan tongersdei noch foarkomme te kinnen.

It útsicht út de tún fan Baukje Miedema no - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Iselmar sânwinning Murns
(advertinsje)