Musical foar skoalbern oer Gysbert Japicx no al suksesfol
De musical Master Gysbert - De Pompeblêdspion is noch foar de premjêre al in grut sukses. De musical foar bern yn it basisûnderwiis oer Gysbert Japicx wurdt tongersdeitejûn foar it earst spile, yn de Martinitsjerke yn Boalsert, en de organisaasje hat al mear as 4000 ynskriuwingen binnen foar it stik.
Projektlieder Rieneke Speerstra oer de musical
Master Gysbert - De Pompeblêdspion is in projekt fan de Gysbert Japicx Holckema Stifting yn it ramt fan LF2018. It stik sil spile wurde op basisskoallen yn de hiele provinsje. De skoallen koene ynskriuwe op de foarstelling, dy't bedoeld is foar bern út groep 5 oant en mei 8.
De musical is makke yn opdracht fan Provinsje Fryslân.
Dichter Gysbert Japicx waard yn 1603 berne yn Boalsert en ferstoar dêr yn 1666. Hy is de bekendste Fryske renêssânseskriuwer.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.