Plysje moat merke Ljouwert skjinfeie nei fjochtpartijen tusken jongerein

08 nov 2018 - 12:00

Der wie woansdeitejûn in soad ûnrêst op de merke yn it sintrum fan Ljouwert. Groepen jongerein sochten inoar op en der binne klappen útdield. De plysje moast der oan te pas komme om de rêst te werstellen.

Plysje by de merke - Foto: Nick den Boer

De groepen sochten inoar meardere kearen op en der ûntstie in spande sfear. De plysje moast úteinlik op liny en mei help fan in plysjehûn de merke skjinfeie om de rêst te werstellen.

Der binne trije jongeren oanhâlden. Ien jonge wurdt derfan fertocht dat hy in oare jonge slein hat. Hy wurdt hjir letter oer heard en krige in boete om't hy him net identifisearje koe en gjin ljocht op syn fyts hie.

Twa froulju waarden oanhâlden om't se de plysjes misledigen. Der is proses-ferbaal opmakke en se krigen in gebietsferbod foar de merke.

(advertinsje)