Minsken út Súdwest-Fryslân meitsje de measte kilometers fan Fryslân

08 nov 2018 - 11:15

Fryslân skoart heech yn it oantal kilometers dat auto's jierliks ride. Yn in soad gemeenten leit it oantal kilometers om de 13.000 hinne.

File - Foto: Shutterstock.com

Auto's dy't yn de gemeente Súdwest-Fryslân registrearre stean, meitsje mei gemiddeld 13.142 de measte kilometers fan Fryslân. Op de Waadeilannen meitsje auto's fierwei de minste kilometers. Dat docht bliken út de Jaarmonitor Wegvoertuigen 2017 fan it CBS.

Rânestêd

In ferklearring is dat yn de gemeenten dêr't it oantal kilometers it heechst leit, in soad minsken wenje dy't yn de Rânestêd wurkje en deistich op en del ride. Tagelyk binne minsken yn it Noarden faak ôfhinklik fan in auto as se boadskippen dogge as wannear't se nei de dokter moatte.

Lanlik sjoen riden Nederlanners yn 2017 mear as 119 miljard kilometer. It oandiel fan elektryske auto's deryn wie 2,6 prosint. Wat fierder opfalt is dat bestelauto's mear kilometers ride. Dat hat benammen te krijen mei de opkomst fan zzp'ers en pakketbesoargers.

(advertinsje)