Strjitten yn Ljouwert omtsjoend ta Eritreatown

08 nov 2018 - 10:51

De Easterstrjitten yn it sintrum fan Ljouwert steane fan tongersdei ôf oardel wike lang yn it teken fan Eritreä. Winkels ferkeapje bygelyks produkten út dit Afrikaanske lân, minsken kinne workshops Eritreesk itensiede folgje en der is in lokaasjefoarstelling yn 'e strjitten.

Foarbygongers priuwe hapkes út Eritreä - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

It projekt Eritreatown is opset troch Haring & Hummus yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Doel is om Ljouwerters en Eritreeërs mei elkoar yn kontakt te bringen. Der wenje yn Ljouwert sa'n fjouwerhûndert flechtlingen út Eritreä.

Noard-Koreä fan Afrika

De measte asylsikers dy't hjir hinne komme, komme út Syrië en op it twadde plak stiet Eritreä. It lân wurdt ek wol it Noard-Koreä fan Afrika neamd, sa seit Vluchtelingenwerk op syn webside. Krityk op it regear is ferbean. De measte minsken flechtsje yn ferbân mei de tsjinstplicht fan oardel jier, mar dy kin yn 'e praktyk wol tsien jier duorje.

(advertinsje)