Into the Grave bliuwt by de Aldehou: "Fantastisch, maar het heeft ook zijn nadelen"

08 nov 2018 - 10:32

Metalfestival Into the Grave bliuwt ek takom jier by de Aldehou yn Ljouwert. Der wie sprake fan dat de organisaasje nei in oare lokaasje soe, mar dat is net bard.

Into the Grave - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It plak op de Aldehoustertsjerkhôf is neffens organisator Paul van Berlo "fantastisch, maar heeft ook zijn nadelen". It festival wol graach útwreidzje mei in ekstra poadium en wol de festivalcamping eins ek by it terrein hawwe.

Dat kin by de Aldehou net. Dêrom hat Into the Grave sjoen as der in oare lokaasje yn Ljouwert wie en oars yn Drachten of op It Hearrenfean.

Nei oerlis mei de gemeente hat de organisaasje besletten dochs yn Ljouwert te bliuwen. Der komt in twadde poadium, yn de buert fan de popbunker oan de Grienewei. Dy dyk wurdt ôfsletten foar it festival.

Daar moesten we wat op vinden.

Paul van Berlo

"Dat is nodig om de mensen kwijt te kunnen op deze plek", seit Van Berlo. Troch taalekspo Obe, dy't fêstige is op it Aldehoustertsjerkhôf, is de kapasiteit ôfnaam. "Terwijl Into the Grave juist wat wil groeien, dus daar moesten we wat op vinden."

De camping bliuwt wol op De Bult, by it Rengerspark yn Ljouwert. Der binne noch gjin konkrete lokaasjes yn byld foar in grutter festivalterrein. Dat kin noch wol oant 2021 duorje. Van Berlo: "Daar moeten allerlei voorzieningen als stroom, water en afvoer aangelegd worden, en ook drainage en gedeeltelijke verharding zijn zeker gewenst."

It festival is yn oerlis mei de gemeente om it festival út te wreidzjen mei in tredde dei.

(advertinsje)
(advertinsje)