Froulju fan Fryslân: frijwillichster Gea fan Frjentsjer

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is frijwillichster Gea fan Frjentsjer.
Froulju fan Fryslân: frijwillichster Gea fan Frentsjer
Yn de ôflevering fan 8 novimber kin it boetsearjen oangean. It byld fan Gea is as earste oan bar. Gea is as frijwillichster altyd dwaande foar de mienskip yn Frjentsjer. Se soarget der bygelyks foar dat minsken holpen wurde mei karweien yn 'e hûs en organisearret de Samenloop voor Hoop. In kuierestafette om jild byinoar te krijen foar KWF Kankerbestrijding.

Wa is Gea?

Gea neamt harsels in 'profesjonele frijwilliger' en is mem en pleechmem. Troch har neisteleafde is sy dei en nacht dwaande mei frijwilligerswurk, sûnder betingsten en hiel wichtich foar de mienskip fan Frjentsjer en de tsjerke.
Gea stimulearret oare minsken om harren yn te setten foar de mienskip. Se is de driuwende krêft efter 'Samenloop voor Hoop' en organisearre yn in skoalle yn Frjentsjer in grutte moeting tusken autochtoanen en allochtoanen.

In stânbyld fan Gea. Hoe is dat?

"Ik fyn it hiel bysûnder dat der in byld fan my makke is. Earst woe ik it eins ek leaver net. Mar no fyn ik it ek wol moai, om in foarbyld foar oaren te wêzen."

Hoe hat de oanrin nei it programma en de ûntbleating fan de bylden ta west?

"It is bizar om te witten dat Marleen (programmamakker red.) en Natasja (keunstner red.) sa mei my, mei myn byld, dwaande binne. Mar wol hiel moai om mei te meitsjen. Eins is it in ridende trein dêr'tst op mei giest, mar dy trein giet wol hieltyd hurder no't it byld klear is en de searje op TV komt."

Wurket dyn ynset foar de mienskip ek oansteklik?

"Myn dochter, dy't ek myn byld ûntbleate, is troch my oanstutsen mei it frijwilligerswurk. Se is noch mar 12 jier âld en docht ek al frijwilligerswurk. Dêr kaam se sels mei! Se sei: mem, ik wol ek graach helpe."

Wat stiet der op Gea har boarstbyld?
"Frijwilligerswurk dwaan is foar my in foarm fan leafde jaan. Ik kin mei alles dat ik organisearje, minsken mei-inoar ferbine: wy dogge it mei-inoar."
© Omrop Fryslân
Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.