Waadhoeke wol demintensfreonliker wurde

08 nov 2018 - 07:43

De gemeente Waadhoeke wol mear omtinken foar minsken mei demintens. Minsken wurde âlder en wenje ek langer thús. Yn dy perioade kinne se demint wurde, wylst se noch gjin folsleine soarch krije. Omdat dit troch de fergrizing hieltyd mear foarkomme sil, wol Waadhoeke it ûnderwerp op de kaart sette. Der waard dêrom woansdeitejûn in gearkomste holden oer de plannen fan de gemeente.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Wethâlder Boukje Tol fan de gemeente Waadhoeke

Doel is om in netwurk op te setten fan alle ynstânsjes dy't har ynsette foar minsken mei Alzheimer, sadat ynwenners dy't dermei te krijen hawwe, stipe wurde. Troch it netwurk kinne alle partijen inoar goed fine, seit wethâlder Boukje Tol fan de gemeente Waadhoeke. Neffens har moat it netwurk sa breed mooglik wurde. Sa kinne minsken mei demintens sa lang mooglik dielnimme oan de maatskippij.

Wethâlder Tol neamt in foarbyld fan in man dy't by in sportferiening holp mei it skjinmeitsjen en opromjen. "Hy waard demint, mar draaide noch gewoan mei yn syn fêste groepke by de sportferiening. It skjinmeitsen gong net echt goed, mar dat makke allegear neat mear út. Hy koe dêr gewoan meidwaan, omdat oaren reewillich wienen om him dêr yn op te nimmen en op te fangen."

Der is op de gearkomste ôfpraat om oer in pear moanne wer byinoar te kommen en fierdere stappen te setten.

Trefwurden: 
demintens Waadhoeke netwurk
(advertinsje)